Skoallen Sint-Anne nije skoaljier yn opfallend nij gebou

03 aug 2015 - 17:02

De twa skoallen foar fuortset ûnderwiis yn Sint-Anne sitte mei yngong fan it nije skoaljier yn in opfallend nij skoalgebou: Campus Middelsee. Njonken de twa skoallen sit ek it bedriuwslibben yn de campus, op in spesjaal learwurkplein. Doel is dat de learlingen maklik wurk fine yn eigen streek en bedriuwen der goeie meiwurkers oan oerhâlde.

Campus Middelsee kostet 8 miljoen en is dêrmei in stevige ynvestearring foar antisipeargemeente It Bilt. It is bedoeld as wapen tsjin de driigjende krimp yn Noardwest-Fryslân.

Campus Middelsee set útein mei sa'n 550 learlingen foar VMBO en ûnderbou HAVO en VWO. Direkteur De Vries fan Ulbe van Houten hopet dat, tanksij de goeie foarsjennings en it lytsskalige, ek learlingen út doarpen as Stiens oanlutsen wurde kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)