Rydles foar minsken mei in ferstanlike beheining

03 aug 2015 - 10:21

Minsken mei in ferstanlike beheining krije begjin septimber de kâns om auto te riden. Rydskoallehâlder Anja de Roos út Jobbegea is inisjatyfnimster fan dizze dei. Se hearde dêroer yn Brabân, dêr wie it in grut sukses. De Roos seit dat in soad minsken mei in ferstanlike beheining it hiel spitich fine dat se gjin rydbewiis helje kinne. Om dochs te fielen hoe't it is om auto te riden, krije se no de kâns.

It gebeuren sil plakfine op ien fan de parkearplakken fan SC Hearrenfean. Der wurkje 15 rydskoallen oan mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)