Herkânsing foar Pieter Weening Classic yn Surhústerfean

03 aug 2015 - 08:32

Dielnimmers fan de Pieter Weening Classic krije in herkânsing. Eins wie de fytstocht op 25 july, mar troch it minne waar binne in soad fytsers doe thúsbleaun. Dêrom slút de organisaasje fan de PWC-tocht him foar ien kear oan by de jierlikse fytstwadaagse fan swimbad de Wettervlecke fan Surhústerfean.

De twadaagse fynt plak yn it wykein fan 15 en 16 augustus en hjit no ienmalich it 'Kleintje Pieter Weening Classic'. Dielnimmers krije nei ôfrin ek de medalje dy't by de tocht heart.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)