Marrit Steenbergen wint sulver mei estafetteploech op WK

02 aug 2015 - 17:59

Swimster Marrit Steenbergen fan Easterwâlde hat snein it sulver pakt mei de frouljusestafetteploech op de 4 kear 100 meter frij by it WK swimmen yn it Russyske Kazan.

Yn de finale wie it team mei dêryn Steenbergen, Ranomi Kromowidjojo, Maud van der Meer en Femke Heemskerk rapper as de Amerikanen. Australië waard earste mei in tiid fan 3.31,48. Nederlân tikte oan yn 3.33,67. It 15-jierrige talint Marrit swom as tredde.

Kromowidjojo soarge as startswimster dat Oranje nei de earste 100 meter oan de lieding gie (53,30), dêrnei tikke Van der Meer achter Australië as twadde oan (54,50). Marrit Steenbergen hâlde Nederlân op medaljekoers mei in splittiid fan 53,88 (fjirde). Heemskerk gie as slotswimster nei it twadde plak (51,99).

Trefwurden: 
WK swimmen Marrit Steenbergen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)