Mear auto's ferkocht as ferline jier

02 aug 2015 - 15:07

De autoferkeap nimt ta. Yn july binne sels 14 prosint mear auto's ferkocht as yn deselde moanne ferline jier. De bêst ferkochte auto's yn Nederlân binne de Volkswagen Golf en de Peugeot 308.

Neffens autoferkeaper Ferry Berentsen fan garaazje Bourguignon giet de ferkeap sa goed omdat de ekonomy better begjint te draaien. Johan Broersma fan garaazje Hylkema is dat mei him iens. By beide garaazjes binne de sifers noch net sa goed as foar de krisis.

Trefwurden: 
ferkeap auto garaazje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)