Motorstoaring oan fearboat Midsland wer oplost

02 aug 2015 - 14:48

De motorstoaring fan de fearboat Midsland is oplost. Doeksen meldt dat wer mei beide motoaren fearn wurde kin. Freed en sneon hienen de reizgers fan en nei Skylge noch grutte fertragingen fanwege de motorproblemen.

Ien fan de ûnderdielen is nei it fabryk stjoerd en koe snein werompleatst wurde. Doeksen meldt op Twitter dat de fertraging noch net ynhelle is. De boat út Harns giet 18.45 oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)