Bysûnder transport oer Dokkumer Ie

02 aug 2015 - 13:13

Oer de Dokkumer Ie fear snein in bysûnder transport. In groep Wartensters helle in neimakke Chinook-helikopter op út Dokkumer Nije Silen om te brûken by it doarpsfeest. Dat feest is heal septimber en it tema is Warten yn War, in ferwizing nei de befrijing fan it doarp 70 jier lyn troch de alliearden.

It gefaarte fan goed fiif meter heech soe earst oer de dyk ferfierd wurde, mar om't it te swier is, moast it oer it wetter op in ponton. De helikopter fear troch it sintrum fan Ljouwert en krige in soad omtinken fan minsken oan de kant.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)