Grutte ferkearskontrôle yn Snits en omkriten

02 aug 2015 - 12:11

De plysje hat sneontejûn en yn de nacht fan sneon op snein in grutte ferkearskontrôle hâlden yn Snits en omkriten. Mar leafst 1024 automobilisten waarden kontrolearre op alkohol. Mar ien persoan hie te folle dronken en krige in boete fan 432 euro.

Yn totaal hat de plysje sân minsken oanhâlden foar lytse ynsidinten. Ek op it wetter waard troch de plysje kontrolearre. Inkele skippers hawwe in warskôging krigen foar lûdsoerlêst. Fjouwer skippers krigen in boete foar hurdfarren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)