SC Hearrenfean stelt teloar tsjin Real Mallorca

01 aug 2015 - 22:41

Sportklup Hearrenfean hat de tarieding op it nije seizoen teloarstellend ôfsletten. Tsjin Real Mallorca, de nûmer 16 fan de twadde divyzje yn Spanje, ferlear Hearrenfean mei 1-0.

Yn it eigen Abe Lenstra Stadion makke Hearrenfean net bepaald reklame foar it nije seizoen. Beide ploegen krigen hast gjin kânsen. Krekt nei rêst makke Youness Namli in domme oertreding yn it sechstjinmeter-gebiet. Adolfo Enriquez skoarde mei in "panenka". Nei in oere spyljen krige Kenneth Otigba syn twadde giele kaart foar it fêsthâlden fan in trochbrutsen spiler.

Nei tweintich minuten foel Slagveer blesseard út, mar syn blessuere liket ta te fallen. Syn plak waard ynnommen troch Tarik Kada. Hearrenfean miste foar dizze wedstriid seis spilers mei in blessuere: Van Aken, St. Juste, Van Anholt, Larsson, Schmidt en Buijs. De ferwachting is dat de Larsson en Van Anholt de earste wedstriid fan it seizoen, takom wike freed tsjin De Graafschap, wol helje. Van Aken en St. Juste binne mear in fraachteken. Schmidt rint noch op krukken en sil der net by wêze, Buijs is al langer útskeakele en hy tinkt yn septimber wer op it fjild te stean.

Opstelling Hearrenfean: Mulder, Marzo, Otigba, Bijker, Cavlan, Van den Boomen, Van den Berg, Thern, Slagveer (Kada), Veerman en Namli.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)