Premier Rutte by Snitswike; hy fynt it in bysûnder evenemint

01 aug 2015 - 15:53

Premier Mark Rutte wie sneon oanwêzich by de Snitswike. Hy wie te gast by VVD-steatelid en âld-wethâlder Leo Pieter Stoel. Stoel is in jeugdfreon fan de premier en entûsjast siler. Se ha tagelyk yn it bestjoer sitten fan de JOVD, de jongerenôfdieling fan de VVD.

Twa jier lyn wie Rutte ek op de Snitsermar. Doe waaide it te hurd om te silen, mar no is der te min wyn om goed sile te kinnen. Rutte brocht in besite oan it wedstriidsintrum fan de Snitswike en sei djip ûnder de yndruk te wêzen fan de ynset fan de frijwilligers.

Snein yn Hjoed in petear mei premier Rutte oer syn yndrukken fan de Snitswike.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)