IFKS-silerij yn Hylpen fan start

01 aug 2015 - 13:09

De IFKS-silerij is sneon yn Hylpen begûn. Fanwege te min wyn wie de start fan de lytse A-klasse foarearst útsteld op de Iselmar. Om kertier oer ienen binne de skippen yn dy klasse begûn mei har wedstriid, mar nei in skoft is de wedstriid dêrnei wer ôfbrutsen. It wachtsjen is op de wyn. De wedstriid is dus wer útsteld.

Yn de rin fan de middei is besletten om de lytse A-klasse net mear starte te litten. De A-klasse is tsjin fjouweren wol begûn oan de wedstriid.

De B- en C-klasse wie earder op de dei wol op it wetter. It skûtsje De Lege Wâlden wie de bêste yn de C-klasse en de Jonge Rein wie de earste yn de B-klasse.

Trefwurden: 
Hylpen skûtsjesilen IFKS
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)