Befeiligingsman oppakt

03 mrt 2012 - 13:35

In 30-jierrige befeiligingsmeiwurker is freedtenacht oanhâlden, omdat er fertocht wurdt fan swiere mishanneling. De man wurket as portier yn in útgeansgelegenheid op de Noordkade yn Drachten. In 32-jierrige frou út Aldegea (Smellingerlân) soe de doar útwurke wurde, mar der ûntstie spul tusken har en de befeiligingsmeiwurker.

De frou waard by de kiel grypt en fan de trep treaun. De frou rekke ferwûne oan de holle en is nei it sikehûs brocht. De befeiligingsmeiwurker is oanhâlden en sit op it plysjeburo foar ferhoar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)