Gjin fjoerwurk ljepperij Bûtenpost

31 jul 2015 - 21:49

Op de sechtjinde fierljepwedstriid yn de earste klasse fan freedtejûn yn Bûtenpost wie amper spektakel. Nard Brandsma wûn mei in meagere 19.43 by de manlju, Ysbrand Galama waard mei 19.30 twadde. Klaske Nauta wie mei 15.30 de bêste by de froulju, Marrit van der Wal ljepte 15.18. Sytse Bokma pakte mei 18.45 syn tolfde deititel by de junioaren. Freark Kramer sprong 17.52. By de jonges wûn Wietse Nauta mei 16.72, Sigrid Bokma wie wer de bêste by de famkes mei 14.22.

Trefwurden: 
Bûtenpost fierljeppen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)