Snitswike; boatsjes lizze trije rigen dik yn Snits

31 jul 2015 - 15:10

De tachtichste Snitswike stiet op punt fan begjinnen. En dat betsjut grutte drokte yn de stêd, mar benammen op it wetter. Op freed komme in soad minsken mei de boat nei de stêd en al dy boatsjes moatte in lisplak hawwe. Dat is noch net sa maklik; yn de Houkesleat lizze de boaten trije rigen dik. Havenmaster Richard Spitse besiket om foar eltsenien in goed plak te finen. Salang de Snitswike duorret wurket de havenmaster tsien oere deis.

De Snitswike luts yn 2014 minder folk, ûnder oare fanwege de strangere alkoholregels.

No't de jongerein oan de nije regels wend is, ferwachtet de organisaasje dat se wol wer werom komme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)