Pasana âldereinsoarch oer nei Kwadrant en ZuidoostZorg

31 jul 2015 - 14:34

Pasana Ouderenzorg is freedtemoarn definityf oergien nei de Kwadrant Groep en ZuidoostZorg. Ferpleechhûs De Waadwente yn Dokkum giet fierder ûnder ZuidoostZorg, de oare ferpleechhuzen geane nei de Kwadrant Groep. Mei de oerdracht is neffens de trije partijen in ein kaam oan in ûnsekekere perioade foar meiwurkers en kliïnten.

It wachtsjen wie op tastimming fan de Nederlandse Zorgautoriteit. No't dy akkoart is, wolle de twa soarchynstânsjes bouwe oan in goed soarchoanbod yn Noardeast-Fryslân. De oerdracht moat yn septimber klear wêze.

Pasana Oudenzorg wie ûnderdiel fan de Pasana Zorggroep - mei sikehûs De Sionsberg as wichtich ûnderdiel - dy't yn de hjerst fan 2014 fallyt gie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)