Plysje komt nije wike allinnich noch foar 'spoed of bloed'

31 jul 2015 - 13:58

Yn de striid foar in bettere CAO komme der nei it wykein hurdere aksjes by de plysje. Allinnich by driigjende saken komt de plysje noch yn aksje. Wa't de plysje bellet foar lytsere saken as in ynsmiten rút hoecht der net op te rekkenjen dat de plysje komt.

Ek de earste fuotbalwedstriden yn de earedivyzje komme ûnder druk, omdat plysje in oere foar oant in oere nei de wedstriid fergaderje sil en sadwaande net yn it stadion wêze kin. De Snitswike bliuwt by de plysje-aksjes, sa't it no liket, bûten skot.

It is op dit stuit noch net dúdlik oft de fuotbalwedstriid SC Hearrenfean - De Graafschap op freed 7 augustus, de iepeningswedstriid fan de earedivyzje, wol trochgean kin. Boargemaster Van der Zwan fan Hearrenfean sil hjir yn de rin fan nije wike in beslút op nimme op basis fan aktuele ynformaasje fan de korpslieding.

Trefwurden: 
plysje aksje bloed spoed
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)