Josin Hoevenagel nominearre foar Special Award

31 jul 2015 - 13:47

Josin Hoevenagel is de iennichste Friezinne dy't nominearre is foar in Special Award, in priis foar keunstners mei in beheining. Tongersdei is yn Slappeterp in Keunstfytsrûte iepene mei trije keunstwurken fan Josin. De rûte begjint by de Teetún fan Slappeterp en giet fan Slappeterp oer Frjentsjer en Menaam nei Ljouwert.

Underweis komme fytsers lokaasjes tsjin mei skilderijen fan 39 keunstners mei in beheining. Doel is dat de fytsers ek stimme foar de publykspriis. Op alle lokaasjes hinget in QR-koade dy't skand wurde kin.

Ek kin der op de website www.specialaward.nl stimd wurde. Yn oktober sil de sjuery bekend meitsje wa't fan de keunstners de publykspriis wint.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)