MS Midsland fan rederij Doeksen hat motorsteuring op see

31 jul 2015 - 12:48

Fearboat MS Midsland fan rederij Doeksen hie freedtemiddei op see te krijen mei in motorsteuring. Dêrtroch fear de boat op heale krêft en mei fertraging fan Skylge nei Harns. It gefolch wie dat de oertocht in heal oere fertraging oprûn.

Yn Harns stie in kade fol fakânsjegongers op de fearboat te wachtsjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)