Mear ynnamepunten smoarch wetter rûnfeartboaten yn Snits

31 jul 2015 - 11:34

Snits fiert dizze simmer in pilot út mei ekstra ynnamepunten foar smoarch wetter fan rûnfeartboaten. Oan de Pampuskade binne trije ynleverpunten oanbrocht. De rûnfeartboaten kinne dêr it wetter fan de húskes yn pompe. Dat streamt dan streekrjocht it rioel yn. Rûnfeartboaten binne sûnt twa jier ferplichte om it smoarch wetter ôf te fieren, mar hawwe dêr eins gjin mooglikheden foar.

De gemeente Súdwest-Fryslân wol dit feroarje en hopet dat oare gemeenten dit foarbyld folgje sille. Nei de simmer wurdt de proef mei de ynnamepunten evaluearre,

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)