Skipper Gerhard Pietersma docht mei oan slotwedstriid SKS

31 jul 2015 - 11:15

Skipper Gerhard Pietersma fan it skûtsje fan Earnewâld sylt freed wol mei oan de slotwedstriid fan de SKS op de Snitser Mar. Tongersdei rekke Pietersma ferwûne by in oanfarring tusken syn skûtsje en dat fan De Lemmer. Dêrby kaam Pietersma klem te sitten tusken it helmhout en it Lemster skûtsje.

Pietersma waard nei it sikehûs brocht en it wie lang ûnwis oft er freed wol sile koe. Pietersma hat syn ribben swier kniesd, mar kin dochs sile.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)