Fries jout Drint klappen op De Weaze yn Ljouwert

31 jul 2015 - 10:46

In 48-jierrige Drint is tongersdei bedrige en slein yn in bordeel op De Weaze yn Ljouwert. It slachtoffer waard ûnder druk set om tsien euro ôf te stean. Ek krige er in stomp yn it gesicht. De plysje koe de fertochte, in 43-jierrige ynwenner fan Dongeradiel, letter op de Dimpte Keizersgrêft oanhâlde.

Doe die ek bliken dat de man in mes by him hie.

Trefwurden: 
mishanneling Weaze bordeel
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)