Omrin posityf oer tekstylynsammelaksje

31 jul 2015 - 10:25

Offalferwurker Omrin is tige te sprekken oer de resultaten fan de tekstylynsammelaksje. Sûnt maart ferline jier wurkje Fryske gemeenten, it Leger des Heils en Omrin gear om it op 'e nij brûken fan klean te stimulearjen. Dêrtroch is der it ôfrûne jier mear as 30 prosint mear tekstyl ynlevere.

Gemeenten dêr't it measte tekstyl ynsammele waard binne Ljouwerteradiel, Opsterlân en Eaststellingwerf. De tekstyl wurdt ferwurke troch meiwurkers fan Caparis en Empatec. Dy hawwe goed 40 minsken foar dit projekt oan it wurk.

Trefwurden: 
Omrin tekstyl sammelaksje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)