Ljouwerter oppakt foar auto-ynbraak op Twibaksmerk

31 jul 2015 - 10:15

In 30-jierrige Ljouwerter is yn de nacht fan tongersdei op freed oppakt foar in auto-ynbraak. De man hie taslein by in auto oan de Twibaksmerk yn syn wenplak en wie dêrnei útnaaid. In tsjûge belle de plysje. Dy koe de Ljouwerter op it Suderplein oanhâlde.

By syn arrestaasje die bliken dat de fertochte in navigaasjesysteem by him hie. De man is meinaam nei it plysjeburo en wurdt noch heard.

Trefwurden: 
ynbraak auto-ynbraak
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)