Kollum: Bill Cosby

31 jul 2015 - 10:00

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op freed de radiokollum fan Nynke Sietsma, freelance sjoernaliste foar ferskate kranten en tiidskriften en religywittenskipper. Nynke is hikke en tein yn De Rottefalle, mar wennet no yn Den Haach. Har kollums geane oer it deistich libben of wat har ek mar ferwûnderet.

“Ik woe it eins ha oer hoe moai it is yn Fryslân yn de simmer en oer sinnestrielen, en dat je net perfoarst nei Súd-Frankryk hoege as je goed om je hinne sjogge, mar dizze wike rekke my wat dêr’t ik net om hinne koe:

De slachtoffers fan Bill Cosby. 35 prachtige froulju pronken op de cover fan New York Magazine. As keunstwurken. Se ha twa dingen mienskiplik: se binne allegearre frou en se binne allegearre seksueel oanfallen troch Bill Cosby.

Bill Cosby. Wa kin him net. De leave heit en dokter út de mega-suksesfolle Cosby Show ût de jierren tachtich. Ik fûn it as bern in hearlike searje. Alles yn dat hûs – mei dat stiennen trepke by de foardoar yn dy moaie strjitte - wie perfekt: it houlik fan Cliff en Clair Huxtable, sy advocate, hy arts. Harren fiif leuke bern: Sondra, Denise, Theo, Vanessa en de allerleukste: Rudy. Altyd ad-rem en soms rebels mar úteinlik altyd fatsoenlik. It personaazje Dr. Huxtable wie grappich, deugdlik en ûnderhâldend. Mei syn ivige giele truien. Dr. Huxtable koe as gjin oar gekke bekken lûke en dat fûn ik al sa leuk.

En Bill Cosby, yn de rol fan Cliff, waard in ikoan. Yn 2008 is Bill Cosby troch de Afro-Amerikaanske mienskap útroppen ta ien fan de ynfloedrykste swarten yn Amearika, nei Oprah Winfrey, mar fóar Barack Obama.

It liket my ferskriklik swier, om slachtoffer te wêzen fan in paradehynder. Want mear as 46 froulju binne troch him misbrûkt en nei alle gedachten noch folle mear, want de saak begjint no pas iepen te brekken. It giet hjir net om sa mar wat. It giet hjir om froulju dy’t apart fan inoar sizze dat se drogeard en seksueel oanfallen binne troch Bill Cosby. Dat begûn al doe’t hy trochbruts yn de jierren sechtich. 35 fan dizze froulju, ha no harren ferhaal dien yn dat magazine. Mei alle details. De measten foar it earst.
Ik ha alle ynterviews lêzen mei dizze prachtige froulju. Guon wiene noch mar 15 jier âld doe’t Bill Cosby se te pakken naam. Hy noege de famkes út mei it ferlechje “ik wol dy wol helpe mei dyn karriêre”, en dan fergiftige hy se mei in pil en misbrûkte se. Guon famkes rekken út de tiid, oaren hiene fage werinnerings oer wat er bard wie. Oan de âlden fan in jong famke frege Cosby sels tastimming om har te coachen. Doe't hy allinnich mei har wie, ferkrêfte hy har.

It binne 35 tsjûgeferklearrings, je kinne it net ûntkenne. Al folle earder ha froulju oanjefte dien, mar, fertelt keunstenaar Barbara Bowman yn in ynterview, 'ik waard gewoan útlake'. Bill Cosby soe sokssawat ommers noait dwaan.

En dat fyn ik ek sa freeslik oan dizze saak. De iensumens fan dizze froulju. Dan oerkomt je soks grouwélichs, en dan leaut net ien je omdat de ferkrêfter in paradehynder is. In man dy’t hiele preken hâlden hat foar de swarte mienskip oer dat in bettere wrâld by jesels begjint. Moast neigean, hoe hypokryt kinne je wêze.

It docht my tinken oan de grutte misbrûksaak fan de katolike tsjerke. Ik ha der foar parseburo ANP faak oer skreaun. Ek doe ha bern dy’t misbrûkt binne troch in gesachhawwende geastlike besocht om it te fertellen, bygelyks oan har âlden. Mar in pryster soe soks noait dwaan, en sadwaande wie it ek net sa.

Wat ferskriklik moat it wêze, dat je soks yn je ientsje meitôgje moatte.

Dat der no in sniebaleffekt ûntsiet, is ek fergelykber mei de saak fan de katolike tsjerke. Neidat in pear minsken harren ferhaal doarden te dwaan, doarden oaren it ek. Ik ha doe mei in man praat dy't it noait oan ien ferteld hie, ek net oan syn frou of bern. Hy wie al hast santich doe't er der oer doarde te praten.

Dêrom bin ik bliid dat media ek dit effekt ha kinne. It hat bytiden de funksje fan hypes kreëarje, fan it útfergrutsjen fan saken. Mar yn dit gefal hat it 35 froulju de kâns jûn om wat ferljochting te krijen. Ik hoopje foar dizze froulju dat Bill Cosby troch dit moedige mienskiplike optreden opsletten wurdt."

Folgje Nynke Sietsma op Twitter. Moandei wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Nynke van der Zee.

Trefwurden: 
De Toan fan Nynke Sietsma
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)