Knibbelblessuere foar SC Hearrenfean-ferdigener St. Juste

31 jul 2015 - 08:26

Ferdigener Jerry St. Juste fan SC Hearrenfean hat in knibbelblessuere. Dêrtroch mist er sneon de oefenwedstriid tsjin Real Mallorca. Oft St. Juste op 'e tiid hersteld is foar de kompetysjestart, is noch net dúdlik.

Nije wike freed trapet SC Hearrenfean de earedivyzje ôf, mei in thúswedstriid tsjin De Graafschap yn it Abe Lenstrastadion.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)