Wetterskea oan Snitser sânskulptueren

30 jul 2015 - 19:39

De stoarm en it reinwetter fan de ôfrûne dagen hat foar grutte skea soarge by it sânskupltuerefestival yn Snits. In grut part fan de bylden koe net oer it rare waar en stoarten foar in part yn. Benammen de wat gruttere bylden hawwe it swier hân. De sânskulptueren hawwe by it meitsjen wol in spesjaal laachje krigen wêrtroch se diels wetterticht binne, mar dat hat dus net holpen. De organisaasje hat sânkeunstners ynhierd om de bylden te herstellen.

Dy binne freed noch de hiele dei dwaande.

It sânskulptuerefestifal duorret noch oant 20 septimber.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)