Hofstra en Noppert nei WK darten yn Turkije

30 jul 2015 - 18:27

Darters Rick Hofstra fan Snits en Danny Noppert fan De Jouwer binne troch it Nederlânske Dartbûn selektearre foar it wrâldkampioenskip darten fan de World Darts Federationom. It offisjele wrâldkampioenskip wurdt hâlden fan 27 oant en mei 31 oktober yn Kemer yn Turkije. Foar Noppert wurdt it de earste WK, Hofstra spile bygelyks ek al mei op it wrâldkampioenskip yn Kanada yn 2013. It is foar it earst dat der twa Fryske darters yn in WK seleksje sitte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)