Lisette Wagenaar fierder mei Sjanet Wijnia en Imke vd Leest

30 jul 2015 - 18:10

Keatster Lisette Wagenaar hat nije maten fûn. Dizze wike makken Fenna Zeinstra en Leonie van der Graaf bekend dat dit harren lêste seizoen is. Fenna wol har rjochtsje op it follybal by Snits en Leonie wol mear tiid oan har gesin jaan. Lisette sil takom jier keatse mei Imke van der Leest en Sjanet Wijnia. Lisette keatste al earder mei Imke van der Leest, dat wie yn 2010. Sjanet Wijnia keatst dit jier foar it earst by de frouljushaadklasse.

It toppartuer fan Ilse Tuinenga, Sjoukje Visser en Manon Scheepstra hat bekend makke dat se ek takom jier meielkoar keatse sille.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)