Al Wasl út Dubai lit SC Cambuur sitte

30 jul 2015 - 17:46

Sportklup Cambuur fuotballet freedtejûn net tsjin Al Wasl, mar tsjin Achilles '29 út Groesbeek. De klup út Dubai hat ôfsein. De wedstriid tsjin Al Wasl wie foar Cambuur de lêste serieuze test foar de start fan it nije seizoen. Cambuur is min te sprekken oer it lette ôfsizzen fan Al Wasl en nimt der ek gjin genoegen mei, der komme juridyske stappen. As ferfanger hawwe se Achilles '29 fûn, dizze klup wûn ferline wike noch mei 2-1 fan Al Wasl. De wedstriid is freedtejûn om 19.30 oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)