Gebietsferbod foar 19-jierrige Westereender

30 jul 2015 - 16:03

In ynwenner (19) fan De Westereen mei oant 20 augustus net mear op guon plakken yn it doarp komme. Boargemaster Heldoorn fan Dantumadiel hat him in gebietsferbod oplein.

De man hat op ferskate plakken yn it doarp foar slimme oerlêst soarge. By in kontrôle yn de nacht fan moandei op tiisdei waard er mei in oarenien oanhâlden. Se hiene in falske identiteit opjûn en drugs by harren. De 19-jierrige man besocht syn oanhâlding te kearen en waard dêrfoar oanhâlden. De boargemaster hat no syn nocht. De jongeman hat in gebietsferbod krige.

Trefwurden: 
De Westereen gebietsferbod
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)