"WK vaurien op Iselmar hie net goed kaam fanwege it waar"

30 jul 2015 - 15:45

It wrâldkampioenskip vauriensilen yn Snits hat gelok hân mei de de kar fan de Snitsermar as wedstriidwetter. Dat seit Onno Yntema fan de organisaasje. Ynearsten hie de organisaasje foar it WK foar sokke sylboaten fan 4 meter lang syn each falle litte op de Iselmar by Starum. As dat trochgien wie, dan hie mear as de helte fan de wedstriden ôfsein wurde moatten fanwege it minne waar.

It WK vaurien hat hast in wike duorre. Tongerdei is de grutte finale. Mei-inoar dogge der 81 teams út acht ferskillende lannen oan mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)