Hessel en Tess jouwe konsert yn Ziggo Dome yn Amsterdam

30 jul 2015 - 13:01

Sjonger Hessel en dochter Tess meie optrede yn de Ziggo Dome. Eveneminte-organisaasje Mojo Concerts hat it duo frege om op 4 febrewaris 2017 nei Amsterdam te kommen. De kaartferkeap giet begjin septimber fan start.

Hessel hat earder al optredens jûn yn Ahoy, Thialf en de Heineken Music Hall. Spesjaal foar bewenners fan Skylge dy't nei it konsert yn de Ziggo Dome wolle, wurde der ekstra fearboaten ynset. Sa kinne de besikers dyselde jûn wol wer nei hûs ta.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)