Strân by Hollum It Amelân trije meter ophege

30 jul 2015 - 12:27

Oan de noardwestkant fan It Amelân hat Rykswettersteat it strân trije meter ophege. Dêrmei moat de kust by Hollum de kommende jierren beskerme wêze tsjin it wetter. It wetterpeil wurdt hieltyd heger. Dêrom is der 1,3 miljoen kúb ekstra sân stoart.

Der stean noch twa sânprojekten yn de planning. Sa wurdt dit jier by Mid-Amelân op twa plakken ekstra sân op it strân spuite. Foar de ein fan it jier moat dat klear wêze.

Trefwurden: 
Rykswettersteat strân sân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)