Op seis plakken net swimme fanwege blau-alch

30 jul 2015 - 12:10

Op seis plakken yn de provinsje kin net swommen wurde fanwege blau-alch. It giet om fiif swimplakken yn it súdlike diel fan de provinsje: de Aldegeaster Brekken, de Hegemermar, de Langwarder Wielen, in swimplak by Ealahuzen en it swim- en surfsintrum by Balk. By it swimplak by De Leien by De Rottefalle is ek blau-alch konstatearre.

Blau-alch is in mikrobaktearje dy't as in blau skinende laach op it wetter driuwt. As minsken dêr swimme, kinne se siik wurde. Waarman Pyt Paulusma foarseit foar moandei maksimaal 28 graden.

It negative swimadvys fanwege blau-alch is troch de provinsje bekend makke.

Trefwurden: 
blau-alch swimferbod
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)