Stortemelk no rûnfeartboat op it IJ by Amsterdam

30 jul 2015 - 10:34

De Stortemelk, de eardere fearboat fan de EVT, hat in nije bestimming krige. It skip fart mei gasten op it IJ by Amsterdam. Der kinne maksimaal 250 minsken mei. De Stortemelk kin ek ôfhierd wurde foar feesten. Hy makket ûnder oare tochtsjes fan Amsterdam nei IJmuiden.

De EVT hat De Stortemelk yn 2012 ferfongen troch De Spathoek. Dy wie better, want dêrop koene ek auto's mei. De EVT bestiet net mear. De ûndernimming is nei ôfspraken mei rederij Doeksen ophâlden.

De Stortemelk is op 19 augustus by de sail-in oanwêzich, as de grutte histoaryske sylskippen troch it Noardseekanaal fan IJmuiden nei Amsterdam farre foar de Sail 2015.

Earste feart fan De Stortemelk fan Amsterdam nei IJmuiden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)