Regisseur Mirjam de With makket telefilm

29 jul 2015 - 16:58

Regisseur Mirjam de With fan de Jouwer begjint sneon mei de earste opnamen foar de Telefilm 'Op de Dijk'. De psychologyske film giet oer in Volendamske fisker dy't 15 jier lyn nei Noarwegen emigrearde, mar werom giet nei syn bertedoarp om't syn famylje finansjele problemen hat.

Mirjam de With wie earder regisseur fan de films 'De ein fan de Wrâld' en de Omrop Fryslân jongerensearje 'De Keet'. 'Op de Dijk' sil begjin takom jier útstjoerd wurde troch de NTR.

De crew fan 'Op de Dijk' bestiet foar in grut part út deselde minsken dêr't De With earder de Fryske searje 'De Keet' mei makke. Ek ferskate akteurs út De Keet hawwe in rol yn 'Op de Dijk'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)