Boer Nijeholtwâlde hat alle pinken wer werom

29 jul 2015 - 13:55

Alle pinken dy't sneintenacht by Nijeholtwâlde útbrutsen, binne wer terjochte. Nei in tip hat de boer tiisdeitejûn de lêste pink weromfûn yn in maïsfjild sa'n 3 kilometer fierderop. Mei help fan buorlju hat de boer de pink werombrocht nei de stâl.

Yn de nacht fan snein op moandei brutsen 18 pinken los, wêrnei't se op it spoar bedarren. Ien pink waard skept troch twa treinen en oerlibbe it ûngelok net. Gjinien rekke ferwûne, wol hie ien fan de treinen in soad skea.

Nei in grutte syktocht waarden sechtsjin fan de oerbleaune santjin pinken de moandeis werom fûn. Ut ûndersyk docht no bliken dat de pinken sels fia it perseel neist it eigen stik lân útbrutsen binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)