Auto yn de brân by It Hearrenfean

29 jul 2015 - 13:33

Op de A7 by It Hearrenfean hat woansdeitemoarn in auto yn de brân stien. De bran ûntstie under de motorkap. De bestjoerder fan de auto fernaam dat der wat mis wie en koe syn auto feilich op'e flechtstreek sette.

De brânwacht wie gau te plak en hat de bran blust. Der binne gjin minsken ferwûne rekke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)