Hûn dumpt op yndustryterrein It Hearrenfean

29 jul 2015 - 12:38

Op it yndustryterrein Hearrenfean-Súd is tiisdeitejûn in hûn yn syn koai fûn. In automobilist seach it bistje flakby de Batavusfabryk en hat de diere-ambulânse belle.

Dy hat it bist ophelle. Om't de hûn net chipt is, hat de diere-ambulânse gjin idee fan wa't er is en wêrom't er dumpt is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)