Peter Sagan wint profronde Surhústerfean
De profronde fan Surhústerfean is tiisdei wûn troch de Slowaak Peter Sagan. It twadde plak wie foar Robert Gesink en tredde waard Bauke Mollema. De koers yn Surhústerfean luts in soad folk. De hurdfytsers hiene wol te krijen mei it nedige reinwetter. Pieter Weening en Lieuwe Westra lutsen de kopgroep in oantal rûntsjes foar de ein út elkoar en bleaunen ek in skoftke op kop.
Mar se waarden wer ynhelle troch Peter Sagan, Robert Gesink, Bauke Mollema en Daniël Teklahaimanot. De fjouwer man soargen ek foar de einsprint.