Wer 24-oers staking by metaalbedriuw Koatstertille

28 jul 2015 - 19:11

By it metaalbedriuw Brand Energy yn Koatstertille sil woansdeitemoarn fan sân oere ôf foar de fjirde kear in 24-oers staking holden wurde. Reden is neffens fakbûn FNV dat de direksje fan Brand Energy Services noch hieltyd net ree is om in fatsoenlik sosjaal plan ôf te sluten mei it fakbûn. Ek op de lokaasjes fan Brand Energy yn Klazienaveen en Farmsum sil staakt wurde.

Yn totaal wurkje by Brand Energy Services yn noardeast Nederlân 136 minsken, wêrfan tusken de 20 en 25 yn Koatstertille.

Der is woansdei wol wer in petear tusken de FNV en de direksje fan Brand Energy Services.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)