Rick van Breda wint by de elite- en beloftegroep

28 jul 2015 - 18:00

Hurdfytser Rick van Breda hat tiisdei de winst pakt by de elite- en beloftegroep yn Surhústerfean. De fytser fan Den Helder siet yn de kopgroep fan fjouwer man, mar naaide trije rûntsjes foar de ein út en kaam solo oer de einstreek. It twadde plak wie foar Paul de Haan, Gary Hekman einige as tredde. Bêste Fries wie Martijn Dijkstra fan De Knipe, dy't fyfde waard.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)