Die Twa jout earste útswaaikonsert op IKFS-skûtsje

28 jul 2015 - 17:04

It Fryske popduo Die Twa sil op freed 7 augustus de ôfskiedstoernee begjinne mei in útswaaikonsert op it IFKS-skûtsje Welvaart. Nei de IFKS-wedstriden yn de Lemster Baai sil it skûtsje Welvaart, dat útkomt yn de Lytse A-klasse, ree makke wurde as poadium foar it optreden.

Die Twa sil al spyljend yn de rjochting fan it sintrum fan De Lemmer farre. Dêr sille de manlju fan Die Twa it konsert ôfmeitsje. Begjin dit jier makke Die Twa bekend dat dit harren lêste jier wêze sil as duo.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)