Blokkade buertbewenners út protest tsjin gefaarlike bussen

28 jul 2015 - 16:48

In aksjegroep út de Ljouwerter wyk Achter de Hoven hat tiisdei in oere lang bussen fan Arriva tsjinhâlden. De aksjefierders fine dat de sjauffeurs te hurd en gefaarlik ride. Arriva seit dat de sjauffeurs harren wol hâlde oan 'e ferkearsregels. Neffens de aksjefierders is dat net sa.

Beide partijen hawwe earder al om 'e nocht mei-inoar yn petear west. In groep fan tritich minsken út de buert hawwe dêrom de busrûte blokkearre. Wurdfierder Watze van der Wal fan de aksjegroep seit dat de measte ynwenners achter de aksje stean.

De gemeente Ljouwert wie op 'e hichte fan de blokkade op 'e Spoorstrjitte yn Ljouwert. Ynkoarten sil de gemeente mei Arriva en de aksjefierders om tafel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)