Aksje foar asylsikersfamylje helpt: Dennis mei bliuwe

28 jul 2015 - 12:03

Goed nijs foar de Sineeske famylje Mei. De learling Dennis Mei fan it Comenius yn Ljouwert en syn famylje meie bliuwe. De aksjes op Dennis syn skoalle en fan boargemaster Ferd Crone hawwe fertuten dien.

De 15-jierrige Dennis Mei is berne yn Sina. Doe't er 4 jier wie, ferhuze er nei Nederlân. Syn famylje waard oproppen om werom te gean nei Sina. De famylje hat no te hearren krige dat se bliuwe meie. Boargemaster Crone fan Ljouwert en direkteur Wesseling fan de skoalle sizze dat Dennis te folle Nederlanner wurden is om weromstjoerd te wurden.

Wesseling en Crone hiene net ferwachte dat it slagje soe, om't de heit en mem fan Dennis it yn it ferline net altyd like handich oanpakt hawwe. Sy tinke dat troch de komst fan in nije steatssekretaris de petearen tusken de partijen better gien binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)