Meiwurker wenningboukorporaasje bedrige

28 jul 2015 - 09:59

De plysje hat moandeitemoarn in 21-jierrige Ljouwerter oanhâlden, nei't dy in meiwurker fan in wenningkorporaasje bedrige hie. De man hong om yn in flat oan de Annie Westlandstrjitte, wylst er dêr net wennet. Hy woe ek net sizze wat er dêr moast.

Doe't de meiwurker him frege om fuort te gean, bedrige de man him ferskate kearen. De Ljouwerter is meinaam nei it plysjeburo. Hy sit noch fêst foar fierder ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)