Tsiende edysje fan Fjoertoerrun It Amelân

27 jul 2015 - 16:38

Jurg Poock út Dútslân hat moandei de fjoertoerrun op It Amelân wûn. Hy draafde yn 53,59 sekonden de 235 treptreden fan de fjoertoer op. Dêrmei bleau de winner fier boppe it rekôr fan 49,18 sekonden fan Klaas Modderman. Dy waard tredde. It twadde plak wie foar Martin Wijbo Faber.

By de froulju wûn Rebecca yn 1.29.20. De winst by de bern gong nei Derene Dict yn 1.40.75. It wie de 10e edysje fan de fjoertoerrun. Der dienen dit kear sa'n 50 dielnimmers mei. Dat is minder as oare jierren, de organisaasje tinkt dat dat fan it minne waar komt.

Trefwurden: 
It Amelân fjoertoerrun
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)