Wer in ekstra dei foar de Snitswike

27 jul 2015 - 16:12

De Snitswike krijt der dit jier op 'e nij in dei ekstra by. It programma yn de stêd duorret tenei oant en mei snein. Yn it ferline wie freed de lêste dei, mar ferline jier waard al besletten ek aktiviteiten te plannen op de twadde sneon.

No't ek de twadde snein der by komt, duorret de Snitswike mar leafst tsien dagen. It programma sil no ôfsletten wurde mei in klassyk konsert yn de Looxmagrêft. De Snitswike wurdt dit jier foar de 80e kear hâlden.

Om stil te stean by dit jubileum wurde der ek in oantal ekstra aktiviteiten pland rûn it silen op de Snitser Mar. Sa sil der in grutte stuntsjo mei fleantugen fan Red Bull hâlden wurde. De 80e Snitswike begjint kommende freed.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)