Grou wint skûtsjesilen by Wâldsein

27 jul 2015 - 15:48

Grou hat moandei de SKS-wedstriid by Wâldsein wûn. Twadde waard Langwar en Wâldsein kaam as tredde oer de finish. Dêrnei kamen de skûtsjes yn dizze folchoarder oer de finish: De Jouwer, Drachten, Snits, Akkrum, De Lemmer, It Hearrenfean, Súdwesthoeke, Earnewâld en De Heale Moanne.
Huzum hat de wedstriid ferlitten, omdat it túch it net hâlde koe.

Mei dizze útslach hat Langwar de kopposysje yn it klassemint oernommen fan Earnewâld.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)