Dokkumer berôve op Dokkumerloane

27 jul 2015 - 13:31

In 25-jierrige man út Dokkum is ôfrûne wykein slachtoffer wurden fan in strjitrôf. Hy fytste sneontejûn oer de Dokkumerloane yn de rjochting fan de Trekwei. Dêr kamen twa mannen út in syddykje, treaunen him yn de sleat en rôven syn beurs. De plysje hat nei de dieders socht, mar noch sûnder resultaat. Se binne no op syk nei tsjûgen.

Trefwurden: 
Dokkum berôving
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)